Caparis draait mei ferlies

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat yn de earste trije moannen fan dit jier 850.000 euro ferlies lijd. Grutste oarsaak fan it ferlies is de minne ekonomyske situaasje. Der ha minder oarders west út de yndustry en foar it detasjearjen fan meiwurkers by oare bedriuwen.
Der is ek folle minder omset helle by de ôfdieling grien. Dat hat te krijen hân mei de strange winter. Caparis ferwachtet it ferlies net maklik yn te heljen.