Burgumer mei auto yn sleat

17 aug 2010 - 10:31

In 38-jierrige Burgumer is moandeitejûn op de Gaestmabuorren mei syn auto yn de sleat telâne kaam. De man waard ûnder it riden net goed en ferlear de macht oer it stjoer.

De man rekke beknipe yn syn auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. De man is mei pine oan it boarst nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)