Pizzakoerier botst tsjin auto

17 aug 2010 - 10:21

In 19-jierrige pizzakoerier is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Camminghaburg yn Ljouwert. Op de krusing fan de Camminghaburg en de Schuilenburg botste de scooterrider tsjin de auto fan in 50-jierrige man út Ljouwert.

De koerier is nei it sikehûs brocht. De skea foel neffens de plysje ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)