Man bedriget plysjes

In 48-jierrige man út Zwolle is moandeitenacht oanhâlden op de Grandyk by Holwert nei't er plysjeminsken bedrige hie. De plysje seach de man stean op de pier. Doe't se de man oansprutsen waard er ferfelend.
Ut ûndersyk die bliken dat er earder yn de nacht in meiwurker fan de meldkeamer misledige hie en dat de man syn rydbewiis ynleverje moast foar in ferkearsoertreding. Doe't de plysje de man meinimme woe, bedrige hy harren. Hy sit fêst.