RfdFB: Fryslân net opheffe

17 aug 2010 - 09:51

De Ried fan de Fryske Beweging trunet yn in brief oan ynformateur Opstelten oan op it behâld fan de provinsje as bestjoerslaach. Neffens de ried wurdt der fan ferskate kanten op oanstien om de provinsje te skrassen.

De ried stelt yn it brief dat skaalfergrutting faak gjin besunigings opsmyt en de ôfstân tusken de polityk en de boargers fergruttet. Wat Fryslân oanbelanget soe de Fryske taal en kultuer fierders yn de knipe komme as de provinsje opheft wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)