Jong Hearrenfean wint yn beker

16 aug 2010 - 21:19

Jong Hearrenfean/Emmen hat troch in 4-0 oerwinning op Jong Heracles de lêste 16 fan it bekertoarnoai foar belofteteams helle. Op sportpark Skoatterwâld sette Viktor Elm de thúsploech op foarsprong. Nei it skoft makke de ploech fan trainer Johnny Jansen dien wurk. Samir Fazli (2) en Björn Jonsson soargen foar de einstân.

By Jong Hearrenfean foel nei 20 minuten Tarik Elyounoussi út mei in knibbelblessuere. Tiisdei sil dúdlik wurde hoe slim dy blessuere is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)