Fryske muzyk populêr

16 aug 2010 - 21:01

Twa Fryske akts skoare op it stuit goed yn de lanlike hitlisten. It album 'De Fleanende Hollander' fan Piter Wilkens mei derop yn it Frysk oersette ferskes fan Cornelis Vreeswijk stiet op plak 33 yn de album top 100. Noch net earder stie Wilkens sa heech.

Ek Die Twa, it duo Krijn en Jacob Dijkstra, docht it goed. Sy steane yn de album top 100, de Mega top 100 en yn de TROS top 20. Dat is benammen te tankjen oan in Nederlânsktalich nûmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)