Skipfeart nei Grins fart wer

16 aug 2010 - 14:51

De skipfeart fan Fryslân rjochting Grinslân hat sneintejûn en -nacht lang stillein nei in oanfarring by it Grinslanner Gaarkeuken, krekt oer de grins. In frachtskip út Lekkerkerk koe troch in mankemint net ôfremje en fear dwers troch de doarren fan de slûs yn it Van Starkenborghkanaal.

Al by De Lemmer waarden skippers dy't nei Delfsyl ta woene opkeard. Om healwei seizen op moandeitemoarn koene de earste frachtskippen wer troch de slûs fan Gaarkeuken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)