Grut ûnderhâld oan fleanbasis
Alve F16-fleantugen fan fleanbasis Ljouwert ferhúzje freed foar tsien dagen nei fleanbasis Volkel yn Brabân. Dit yn ferbân mei ûnderhâldswurksumheden oan de startbanen yn Ljouwert. Yn dy perioade fan tsien dagen wurdt net flein boppe Ljouwert.
Geregeld ûnderhâld is nedich om de startbanen yn in goeie kondysje te hâlden.