Jonkje (3) ferwûne by ûngelok

16 aug 2010 - 10:38

By in ûngelok op it Cambuursterpaad yn Ljouwert is sneintejûn in trijejierrich jonkje ferwûne rekke oan de holle. It jonkje stuts ynienen fanachter in oanhinger op de krusing fan de Auke Stellingwerfstrjitte mei it Cambuursterpaad de dyk oer.

In 18-jierrige skooterrider út Ljouwert koe it jonkje net mear ûntwike. It jonkje is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)