Beerens iepen foar oare klup

16 aug 2010 - 09:57

Hearrenfean-spiler Roy Beerens stiet iepen foar in oergong nei lânskampioen FC Twente of nei Ajax. De 22-jierrige rjochtsbûten sjocht Ajax en FC Twente as in stap hegerop.

FC Twente wol Beerens oanlûke as Ruiz fuort giet. Ek Ajax hat ynteresse. De Amsterdammers soene al in bod útbrocht hawwe. Beerens hat noch in trochrinnend kontrakt oant 2013. Yn dat kontrakt stiet in klaussule mei in limitearre transfersom.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)