Schuil wint foar 3e kear EK

15 aug 2010 - 18:01

De beachfollyballers Richard Schuil út Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor hawwe snein skiednis skreaun. Yn Berlyn waard it duo foar it earst yn de histoarje fan it beachfollybal foar de tredde kear op rige Europeesk Kampioen.

Yn in senuwslopende finale waarden de Eastenrikers Clemens Doppler en Matthias Mellitzer mei 2-1 ferslein. De setstannen wiene 21-18, 28-30 en 20-18.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)