Trio Olijnsma wint yn Kimswert

15 aug 2010 - 17:26

Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Chris Wassenaar hawwe snein de frije formaasjepartij yn Kimswert wûn. Yn de finale fersloegen se Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma mei 5-3 en 6-2. Dêrmei kaam in ein oan in lange rige oerwinnings fan it trio Gert-Anne van der Bos dat yn de twadde omloop ferlear fan de lettere winners.

De lytse preemje wie foar Site Ferwerda, Gerrit Meijer en Dennis Wijnjeterp. Chris Wassenaar waard kening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)