Fytser falt troch hûn

15 aug 2010 - 14:52

In hurdfytser út Gytsjerk is sneintemoarn hurd fallen nei't er yn botsing kaam mei in hûn. De 62-jierrige man fytste oer de Ids Wiersmastrjitte doe't de hûn fan in frou út Brantgum de dyk oer skeat. De hûn kaam yn de tsjillen terjochte. Dêrtroch sloech de man oer de kop en rekke er ferwûne oan it skouder. Ek rûn ek ferskate skaafplakken op.

De man is oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum. De hûn mankearre wûnder boppe wûnder neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)