Van Kuiken wint yn Sint Jabik

De winners fan Sint Jabik (foto: Henk Hempenius, KNKB-site)
Maaike Joostema, Maaike Osinga en Aukje van Kuiken ha sneon yn Sint Jabik de frije formaasjepartij wûn. De twadde priis wie foar it ferrassende trio Joukje Kuperus, Renske Terwisscha van Scheltinga en Margriet Bakker.
De beide tredde prizen gongen nei de partoeren Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot, en Ilse Noorman, Feikje Bouwhuis en Anke Marije Pomstra. Aukje van Kuiken waard keninginne yn Sint Jabik.