NK duo-pealsitten yn Kollum

15 aug 2010 - 14:22

It NK pealsitten foar stellen yn Kollum is wûn troch Thea Beets en Mike Boorsma. De twa sieten sechtich oeren op harren peal en fersloegen dêrmei it duo Jildert Hellinga en Richtje Hilboezen dat twadde waard. De winners krigen 600 euro en in wikselbeker.

It kafee yn it doarp helle mei syn ynsammelaksje 1050 euro. Dat giet nei it Ronald McDonald hûs yn Beetstersweach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)