Soarch QBuzz oer wurk Drachten

15 aug 2010 - 10:42

Ferfiersbedriuw QBuzz makket him grutte soargen oer in oantal wurksumheden yn it sintrum fan Drachten, sa as de rekonstruksje fan de Stasjonswei en de bou fan in parkeargaraazje oan de Drift.

It sintrum wurdt dêrtroch min te berikken foar it iepenbier ferfier en dêrtroch krijt QBuzz minder klanten, sa is de ferwachting. De bussen moatte ek omride en dat kostet ekstra tiid en jild. QBuzz rûst dat op 130.000 euro yn it jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)