Motorrider omkaam by Drachten
Op it klaverblêd fan de Wâldwei by Drachten is sneontemiddei in motorrider deadlik ferwûne rekke by in ûngelok. It giet om in ynwenner fan 28 jier út Haulerwyk.
Under oaren de traumahelikopter waard ynsetten. De motorrider is letter yn kritike tastân mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr is hy letter ferstoarn. De dyk by Drachten hat in skoftlang ôfsletten west.