Hooghiemster wint De Westereen

14 aug 2010 - 22:13

René Hooghiemster hat sneontejûn it kritearium fan De Westereen wûn. De hurdfytser fan Drachten siet nei goed 40 fan de 100 kilometer yn in kopgroep fan tsien man. Dy kopgroep bleau út de greep fan it peloton. Hooghiemster naaide tsien rûntsjes foar de ein út en soe net werompakt wurde.

Glenn Clermonts fan Bellingwolde waard twadde, Jasper Bovenhuis fan Staphorst tredde. De Friezen Pieter Postma, Jord Veslinga, Sierd Steigenga en Sipke Zijlstra waarden 6e, 7e, 9e en 10e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)