Krekt gjin rekôr swimmaraton

14 aug 2010 - 17:07

By de swimmaraton tusken Starum en Medemblik is sneon hast in nij rekôr fêstige. De maraton waard foar de 41e kear hâlden. Der diene 14 swimmers mei. De fluchste makke de oerstek fan 22 kilometer yn 4 oeren en 22 minuten. Dat wie mar 2 minuten mear as de bêste tiid ea.

In dielnimmer moast healwei ophâlde yn ferbân mei kramp. Neffens de organisaasje wiene de omstannichheden ideaal. Der wie mar in bytsje wyn en de wettertemperatuer is heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)