Delmer Los kampioen IFKS

Jelle en Delmer Los binne sneon kampioen wurden fan de Grutte A-klasse fan it IFKS Skûtsjesilen. Se wisten ek by de lêste wedstriid as earste te einigjen. Jelle Talsma waard twadde, Michiel Kalsbeek tredde. Yn totaal ha de bruorren Los yn dizze kompetysje fiif wedstriden wûn.
Talsma, de kampioen fan ferline jier, makke ek kâns op de kampioenstitel. Hy koe lykwols Delmer Los net de fiif plakken foarbliuwe dy't dêr foar nedich wiene.