Favoriten meitsje rol wier

14 aug 2010 - 15:43

Bart Helmholt hie by it FK fierljeppen yn Winsum de bêste sprong by de senioaren. De favoryt sprong 20.59. Oare ljeppers bieten har op syn ôfstân stikken. Twad waard Ysbrand Galama mei 19.12 en tred Henk Schievink mei 18.72. Ek Thewis Hobma en Hannes Scherjon geane nei de finale.

By de froulju wie Hiske Galama mei 15.28 meter de bêste, folge troch Grytsje Abma mei 14.74 en Tessa Kramer mei 14.60. Age Hulder by de jonges en junior Nard Brandsma lizze ek op koers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)