Ska3 mocht gewoan spylje

14 aug 2010 - 15:25

De band Ska3 soarge freed op De Jouwer net foar sneue gesichten. De Ljouwerter groep spile op it strjitfestival. Koartlyn spilen se yn België en dêr wie in soad kommoasje mei har persiflaazje op K3. De band mocht op it lêste momint net mear optrede op in strânfestival yn België.

Ska3 makket folwoeksenen ferzjes fan de ferskes fan K3. Nei it earste optreden yn België wie de sponsor fan it festival shockeard en waard it konsert op Polé Polé Beach ôfsein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)