Eks-junks drave foar goed doel

14 aug 2010 - 13:16

Mei in maraton sjen litte hoe skealik drugs binne. Dat wie it plan fan acht eks-drugsferslaafden. Se kamen freed wer yn Makkum oan dêr't se goed in wike earder ek begûn wiene. Se ha 300 kilometer draafd. By de tocht dielde de stichting Narcanon folders út en joech foarljochting. It foel de minsken op dat de Friezen net safolle wisten fan de drugsproblematyk.

It is net dúdlik oft de maraton takom jier wer yn Fryslân is. Elk jier wurdt de tocht op in oare lokaasje hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)