Noed oer tekoart bluswetter

Eigners fan bedriuwen njonken it ôfbaarnde keukenbedriuw yn Nijehaske meitsje har soargen oer it tekoart oan bluswetter op it yndustryterrein. De brânwachtkorpsen hiene freedtenacht te min bluswetter en moasten wetter út it kanaal helje.
Op it terrein sit ek in gemyske fabryk en in ferve-fabryk. Se freegje har ôf oft de brânwacht in brân by sa'n bedriuw oan kin. Neffens de brânwacht wiene genôch punten om de slangen op oan te sluten, mar wie der te min druk.