Flinke brân bedriuw Nijehaske

Troch in brân is yn de nacht fan freed op sneon grutte skea ûntstien by it bedriuw Itao yn Nijehaske. De brân by it bedriuw, dat keukens en badkeamermeubels makket, bruts krekt nei middernacht út en waard al gau opskaald nei in middelbrân. Korpsen fan It Hearrenfean en De Jouwer ha de brân bestriden.
Der wiene op it momint fan de brân gjin minsken yn it gebou. Omlizzende bedriuwen koene beholden bliuwe.