Sietske H. mem fjouwer poppen

13 aug 2010 - 17:41

It is wis dat Sietske H. de mem is fan de fjouwer poppen dy't ferline wike dea oantroffen waarden yn har wenning oan de Van Eedenstrjitte yn Nij Beets. Dat docht bliken út DNA-ûndersyk troch it Nederlânsk Forensysk Ynstitút. Alle poppen binne libben berne. H. hat sels ek bekend dat se fjouwer kear swanger west hat en dat se de poppen om it libben brocht hat.

Wa't de heit fan de poppen is wol justysje net sizze. Ek net oft it om ien of mear heiten giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)