Messeferbod rjochtbank bliuwt

13 aug 2010 - 14:14

It messeferbod yn de Ljouwerter binnenstêd bliuwt bestean. Dat hat de rjochter fan it Ljouwerter gerjochtshôf freed bepaald. Der tsjinne in heger berop tsjin it ferbod. Oanlieding wie in saak út 2007 dêr't in bûsmes by yn beslach naam is yn it gerjochtsgebou.

De man út Akkrum hie it mes by him fanwege syn wurk. Mar it belang fan de feiligens weaget neffens de rjochter swierder as it belang fan ien persoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)