Frou ferwûne by De Like

13 aug 2010 - 12:16

In 61-jierrige automobiliste út Drachten is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by De Like. De frou ferlear de macht oer it stjoer troch it wiete waar.

De auto begûn troch akwaplanning te glydzjen en kaam yn de middenberm tsjin de fangrail. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)