Cambuur earst tsjin Dordrecht

13 aug 2010 - 11:21

Cambuur spilet freed de earste kompetysjewedstriid út by FC Dordrecht. De nije sintrale ferdigener Zdenko Kaprálik sil noch net yn de basis begjinne. Hy is licht blessearre rekke op de training dizze wike.

It sintrale duo yn de ferdigening wurdt dêrom wer foarme troch Leon Hese en Robert van Boxel. Danny Guijt begjint op de bank. Hy komt werom fan in blessuere en sit neffens trainer Menzo op 80 prosint. Mark de Vries en Serhat Koc begjinne yn de spits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)