Jonge kraanfûgel stellen

Unbekenden hawwe ein july in jonge Sineeske kraanfûgel stellen by AquaZoo yn Ljouwert. It giet om in jong bist fan fiif wiken âld. De fûgel siet mei trije oare fûgels op in nêst yn it fûgelferbliuw op it terrein fan AquaZoo, twa âlders en noch in jong.
It bist is koartwjukke en kin net fleane. De fûgel is tusken de 3000 en 5000 euro wurdich.