Drugshanneler oppakt

13 aug 2010 - 10:27

In 38-jierrige drugshanneler út Ljouwert is tongersdeitenacht oanhâlden op de Poststrjitte. De plysje hâlde de man in skoft yn de gaten en seagen dat er drugs ferhannele.

De man waard meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er in mes by him hie. De man joech earst in falske identiteit op. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)