Fytster botst tsjin autodoar
In 69-jierrige fytster út It Hearrenfean is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Herenwal yn har wenplak.
Op it momint dat de frou de auto fan in 59-jierrige man út Aldeberkeap passearre, die de man krekt de doar iepen. De frou kaam te fallen en moast nei it sikehûs.