Plysje tefreden oer Snitswike

13 aug 2010 - 09:59

Drok mar gesellich. Dat seit de plysje oer de 75ste Snitswike. De plysje is hiel tefreden oer de gearwurking mei de havenmasters, befeiligingsmeiwurkers en portiers fan de hoarekasaken. Nettsjinsteande dy positive lûden binne der 107 boetes útskreaun en 20 minsken oanhâlden.

It gie yn de measte gefallen om baldiedigens, mishannelings en it drinken fan alkohol op strjitte. Dêrneist binne minsken bekeurd foar yllegaal swimmen en stellerij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)