Utstel MCL foar operaasjes

13 aug 2010 - 09:50

It koart pleit fan it MCL yn Ljouwert tsjin it ministearje fan Folkssûnens giet freed net troch. It MCL hie it koart pleit oanfrege om't it sikehûs fan it ministearje net langer hartkleppen ferfange mei fia in kateder. It ministearje hat it beslút no útsteld. It MCL mei de yngreep no yn elk gefal oant 20 oktober útfiere.

Oare sikehûzen dy't de yngreep ek net útfiere mochten, wiene earder al nei de rjochter stapt en krigen tongersdei gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)