Lintsjes by Snitswike

13 aug 2010 - 07:10

Grouster Hugo Snoekc hat tongersdei in lintsje krigen by de ôfsluting fan de 75ste Snitswike. Snoekc is beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau foar syn ynset foar de sylsport mar ek foar de berneopfang en it sikehûs.

Ek Folkert Binnema út Snits krige in lintsje opspjelde. Dat barde by it Snitser Oargelkonsert. Binnema is al sûnt it begjin fan de jierren 60 aktyf yn de oargelmuzyk. Ek wie hy ien fan de oprjochters en de earste foarsitter fan de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)