Bouwmeester sakket nei 3e plak
Marit Bouwmeester is tongersdei by it wrâldbeker silen yn it Ingelske Weymouth fan it earste nei it tredde plak sakke. De sylster út Warten yn de Laser Radial waard in kear 26ste (no har ôflûkresultaat) en achtste. De Fransêze Sarah Steyaert is de nije liedster mei 24 punten. Bouwmeester hat trije punten mear.
Pieter Jan Postma sakke yn de Finn nei it tolfde plak. Laser-siler Roelof Bouwmeester is 26ste.
Trefwurden:
argyf