Gjin dúdlikens oer beammen

12 aug 2010 - 19:11

Der is noch hieltyd gjin dúdlikens oer wannear't Rykswettersteat begjint mei it kapjen fan de beammen lâns de N31 by Ljouwert. De beammen moatte kappe wurde om't de rottige takken gefaarlik binne foar it ferkear.

De gemeente Ljouwert en Rykswettersteat binne it noch hieltyd net iens oer it oantal beammen dat der krekt om moatte. Ek yn de nacht fan tongersdei op freed giet it wurk dêrom net troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)