Delmer Los wint by Ychtenbrêge

12 aug 2010 - 16:23

De bruorren Delmer en Jelle Los hawwe tongersdei mei harren skûtsje Grutte Pier de IFKS-wedstriid by Ychtenbrêge wûn. Sy hawwe fjouwer fan de fiif wedstriden wûn. Twadde waard Tony Brundel mei de Lytse Lies, folge troch Michiel Kalsbeek op it tredde plak. Lêste waard Cees Riezebos.

De Grutte Pier stiet fier oan kop yn it klassemint mei 3,6 punten. De nûmmer twa, Tony Brundel, hat 11 punten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)