Eksperimint strjitferljochting

12 aug 2010 - 12:33

De gemeente Ljouwert sil fan takom wike moandei ôf oant en mei 30 septimber in eksperimint hâlde mei de strjitferljochting. Op fjirtjin plakken yn de stêd wurde enerzjy-besparjende maatregels naam.

Der wurdt in proef dien mei LED-lampen en guon lampen gean hielendal út. De gemeente ropt ynwenners op om mei te tinken. Fia in enkête op de eigen webside kinne ynwenners harren miening jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)