Jonges socht foar brân Flylân

Ien fan de útbaarnde tinten
De plysje is op syk nei twa jonges dy't mooglik wat te meitsjen ha mei de brannen woansdeitejûn yn trije tinten op Flylân. De tinten stiene op camping Stortemelk. In oantal kampearders hat de jonges op de camping sjoen. Doe't de plysje kaam draafden de jonges fuort.
De eigners fan de tinten, leden fan kabarettrio De Anitaas út Utrecht, wiene net op it eilân. De plysje siket noch hieltyd minsken dy't wat sjoen ha. Der wurdt tocht oan brânstichting.