Auto oer de kop by Ypekolsgea

12 aug 2010 - 11:06

In 29-jierrige drankrider út Rotterdam is yn de nacht fan woansdei op tongersdei by Ypekolsgea mei syn auto oer de kop slein. De plysje krige in melding dat der in swier skansearre auto yn in stik lân lâns de dyk tusken Balk en Wâldsein stie en dat der in man neist lei.

De Rotterdammer is nei it sikehûs yn Snits brocht. Der is in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)