Epke jout turnles oan apen
Epke Zonderland jout freed turnles oan de orang-oetans yn Ouwehands Dierenpark yn Rhenen. De apen hawwe sûnt koart in nij ferbliuw dêr't sy boppe de besikers oan 10 meter hege beammen slingerje kinne. Yn it âlde orang-oetang ferbliuw stiene gjin beammen.
Neffens it bistepark binne de apen dêrtroch de knypjes fan it klimmen en klatterjen fergetten. No moat de topturner harren wat keunstjes sjen litte.