Debút Beerens yn Oranje

Foto: SC Hearrenfean
Roy Beerens hat syn debút makke foar it Nederlânsk alvetal. De rjochtsbûten fan SC Hearrenfean mocht yn de oefenwedstriid yn en tsjin Oekraïne dik tweintich minuten meidwaan. Hy foel yn foar Ricky van Wolfswinkel.
Nei trije minuten seach Beerens dat Lens 1-0 makke. Alijev brocht in minút letter de einstân op 1-1. Beerens is nei Abe Lenstra, Gerben Hofma, Jeffrey Talan en Ugur Yildirim de fiifde Hearrenfeanspiler dy't útkomt foar Oranje.