Tinten yn brân stutsen

12 aug 2010 - 06:20

Trije tinten op kemping Stortemelk op Flylân binne woansdeitejûn yn de brân flein. De tinten binne los fan inoar yn de brân rekke en it liket der dan ek op dat der sprake is fan brânstifting. Der wiene op it stuit fan de brân gjin minsken yn de tinten oanwêzich. Minsken fan de kemping en de brânwacht wiene der gau by.

Dêrtroch wie it fjoer út foar't it in gefaar opleverje koe foar de oare kampearders. De plysje docht noch ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)