Ysbrand Galama wint yn Drylts

11 aug 2010 - 23:55

Fierljepper Ysbrand Galama fan It Heidenskip hat woansdei yn Drylts de lêste wedstryd foar it Frysk kampioenskip wûn mei in ôfstân fan 19.22 meter. Dat wie krekt like fier as Thomas Helmholt fan Burgum. Mar omdat de twadde ôfstân fan Galama fierder wie as dy fan Helmholt pakte hy de deititel.

It tredde plak gie hiel ferrassend nei Egon van Kammen út Burgum dy't syn sân jier âlde persoanlik rekôr ferbettere oant 18.67 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)