10 tûzenste besiker Kazematten

11 aug 2010 - 21:04

It Kazemattenmuseum by Koarnwertersân hopet dit jier in nij besikersrekôr te heljen. It âlde rekôr is fan trije jier lyn. Doe waard it 75-jierrich bestean fan de Ofslútdyk fierd en kamen der in soad ekstra minsken.

Woansdeitemoarn om 11 oere kaam de 10.000ste besiker fan dit jier en dat is folle earder as oars. It gong om de famylje Dekker út Zwaagdijk West. Sy krigen in bosk blommen, petten, dvd's en in boek. Nij dit jier yn it museum is in audiotoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)