Besite Beatrix wie ûntspannen

De besite fan keninginne Beatrix oan de Snitswike wie yn in ûntspannen sfear. Se stie sels achter it roer doe't har jacht de Groene Draeck it starteilân oandie. De keninginne wie sportyf klaaid, yn in broek mei sportive skuon.
Keninginne Beatrix soe 20 minuten bliuwe, mar hat wol hast in oere op it starteilân west. Ut de starttoer wei folge se de wedstriden op it wetter. Keninginne Beatrix foer nei har besite ek sels de Snitsermar wer op.