Jan Kooistra skildert skepping

11 aug 2010 - 16:47

Keunstskilder Jan Kooistra fan Damwâld is dwaande mei syn libbenswurk. Hy makket sân skilderijen oer de skepping. Foar alle dagen ien. Fjouwer binne al klear.

Kooistra wurket no oan de tredde dei, de skepping fan it grien. In kado foar God, sa neamt de leauwige keunstner syn projekt. Want fan Him hat er syn talint krigen. De searje skilderijen wurde takom jier presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)