Gefaarlike beammen kapje

11 aug 2010 - 15:59

Goed 215 popelieren by de N31 tusken Goutum en de rotonde fan de Newtonleane sille kape wurde. De beammen soargje foar gefaarlike situaasjes. In protte tûken binne rot en kinne sa op de dyk falle.

Om ûngelokken foar te kommen, moatte de beammen fuort. Yn oerlis mei de gemeente wurdt sjoen wêr en wannear't nije beammen plante wurde kinne. Rykswettersteat sil yn de nachten fan 11 oant en mei 14 augustus de beammen kapje. De dyk wurdt ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)